Arnoud van Mosselveld (NL 1961) Dieuwke (2015) Oil on canvas 90x60 cm
seen from United States
seen from United States
seen from United States
seen from South Korea
seen from Hong Kong SAR China
seen from China
seen from France
seen from Russia
seen from China

seen from Serbia
seen from United States
seen from China

seen from Malaysia

seen from Serbia

seen from Philippines
seen from United States
seen from United States

seen from United States

seen from Philippines
seen from United States
Arnoud van Mosselveld (NL 1961) Dieuwke (2015) Oil on canvas 90x60 cm

Anya is live and ready to show you everything. Watch her strip, dance, and perform exclusive shows just for you. Interact in real-time and make your fantasies come true.
Free to watch âą No registration required âą HD streaming
M HKA
21 10 2015
Hoe't Ășs mem Dieuwke oan har namme kaam is (diel 1)
Dieuke Teijes (ca. 1640)
De alderearste Dieuwke dy't ik efterhelje koe is Dieuke Teijes. Wat wy fan har witte, witte wy foar it grutste part Ășt it trouregister. Se komt fan Reduzum en op 1 jannewaris 1663 is har houlik befĂȘstige mei Mirck Douwes.
Reduzum, 18e ieu (in stik letter as 1663)
Mirck komt Ășt Sniksweach. It houlik is befĂȘstige yn de Herfoarme Gemeente fan De Jouwer, Westermar en Sniksweach.
De Ăąlders fan Dieuke hjitte nei alle gedachten Teije Tyalles en Tiescke Taekes, mar dat is net wis. Om't se yn 1663 troud is, is se sa om 1640 berne tink ik.
Mirck en Dieuke krije foar safier bekend 3 soannen: Tiebbe, Gerben en Douwe. De earste jonge, Tiebbe, wurdt doopt op 22 febrewaris 1663. Krapoan twa moanne nei de befĂȘstiging fan it houlik fan Mirck en Dieuke. As opmerking stiet dĂȘrby: "De ouders wonen in De Broek". Wa't de twadde of tredde soan is, is net hielendal dĂșdlik, om't der by de doop fan Gerben Mircks, op 20 maart gjin jiertal neamd wurdt. Mar om't soan Douwe pas op 6 novimber 1670 doopt wurdt, gean ik der fanĂșt dat hy it tredde jonkje is en Gerben it twadde.
Ansichtkaart De Broek
Mear ynformaasje oer de skiednis fan Broek is te finen yn dit boek en op dizze website:
Op 12 november 1676 binne se ynskreaun yn de Herfoarme Tsjerke fan Eagmaryp-Terkaple. Se binne ynkommen fan De Broek. Hjirûnder de ynskriuwing fan Dieuke en Mirck. "Met attestatie van de Broeck" stiet derneist.
Miskien hat Dieuke Teijes dizze grĂȘfstien wol sjoen yn de Herfoarme Tsjerke fan Terkaple en is se der wol oerhinne rĂ»n. Hy is fan Douwe Roorda (±1601) en syn frou Elisabeth van Borghreeff (±1615).Â
Om it lyntsje fan Ășs Dieuwkes fierder folgje te kinnen, moatte wy fierder mei de jongste soan fan Mirck en Dieuke: Douwe. (wurdt ferfolge yn diel 2)